Frozen | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | ferskaat | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | popmuzyk | |
útbrocht | 25 novimber 2013 | |
opnommen | 2012-2013 | |
doer | 69:40 | |
label | Walt Disney Records | |
produsint | Kristen Anderson-Lopez, Robert Lopez, Christophe Beck, Chris Montan, Tom MacDougall | |
resultaten | ||
ferkocht | >10 miljoen yn 2014 | |
albumlisten | nû. 1 yn Austraalje, Feriene Keninkryk, Feriene Steaten, Ierlân, Japan, Kanada, Nij-Seelân, Sina nû. 2 yn Itaalje, Nederlân, Súd-Koreä nû. 3 yn Meksiko, Noarwegen | |
prizen | Grammy Award 2014 | |
sertifisearre | sjoch: § Muzyksertifikaasjes |
Frozen, folút: Frozen: Original Motion Picture Soundtrack, is de yn 'e foarm fan in album útjûne soundtrack fan 'e Disney-tekenfilmmusical Frozen. De cd befettet tsien orizjinele lieten dy't foar de film skreaun waarden troch Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez, mei dêropta 22 filmmuzykstikken komponearre troch Christophe Beck en Frode Fjellheim. Under de lieten is it mei ferskate wichtige prizen bekroane Let It Go, dat twaris op it album stiet, yn 'e filmferzje songen troch Idina Menzel en yn 'e singleferzje songen troch Demi Lovato. It album waard op 25 novimber 2013 útbrocht troch platemaatskippij Walt Disney Records, trije dagen nei't de film Frozen yn 'e Amerikaanske bioskopen útkaam.
© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search